Hessel Postma, Gosse de Haan en Jelke Greidanus hawwe der op woansdei 7 augustus 2019 foar soarge dat Winsum foar it earst yn har histoarje de Freulepartij wûn. Yn in spektakulêre finale wiene se mei 5-5, 6-2 te sterk foar it partoer fan Thomas Dijkstra, Allard van Wigcheren en Rink Rutmer Sterk út Berltsum.
Lang like it derop dat de jonges fan Berltsum der mei de winst fan tusken giene. De earste fjouwer buordsjes wiene sûnder in soad swierrichheden foar it partoer fan Dijkstra en dy. Benammen Thomas Dijkstra spile sterk foar de Berltsumers.
Yn it fiifde earste kearde de partij lykwols 180 graden. Winsum pakte har earste buordsje en kaam op in 4-1, it soe it begjin wurde fan in yndrukwekkende comeback. Mei in boppeslach fan De Haan waard it 4-2.
It sânde earst wie úteinlik it beslissende buordsje. Mei 6-6, koe Gosse de Haan in sitbal jaan, wêrtroch’t Winsum folslein werom wie yn de partij. De jonges krigen de geast en joegen ‘de flow’ net mear út hannen.
It waard noch spannend yn it leaste earst, wêrby’t sawol Winsum as Berltsum op 5-5 lyk stiene. Mar mei 6-2 wie it dúdlik dat úteinlik Winsum mei de Filla nei hûs mocht.