Wat in dei sa’n Freuledei 2020

Wat in dei sa’n Freuledei, guon fan jimme sille it begjin augustus miskien wol eefkes tocht
hawwe. Op dy moaie simmerdei hie it keatsfjild yn Wommels fol stean moatten mei
keatsleafhawwers. En op it fjild hiene de keatshelden fan de takomst stride moatten om de
ferneamde gouden klokjes. Mar it hat net sa wêze mocht. Troch it coronafirus koe de
wichtichste keatspartij foar jonges yn de leeftiid fan 14 oant 16 jier, dit jier net trochgean op
de gewoane datum.

Lokkigernôch hat it bestjoer in alternatyf útwurkje kinnen. Op sneon 19 septimber giet it
oan! De striid moat trochgean, al moat it dit jier op in oare wize as dat wy wend binne.
De wichtichste feroarings yn fergelyk mei ferline jier binne, dat der dizze kear gjin publyk by
de partij wêze mei. Utsûndering hjirop binne famyljeleden fan de keatsers, en oare útnûge
gasten. Kom dus net nei Wommels ta op 19 septimber as jo net in útnûging hawwe. Jo
komme it keatsfjild net op!

De partij sels sil foar in grut part itselde wêze: der wurdt keatst op trije fjilden, en de prizen
binne gelyk oan oare jierren. De winners krije spitigernôch gjin rûntocht yn de koets, mar
meie wol yn in moaie cabrio in tochtsje meitsje.

De partij sil op ferskate wizen te folgjen wêze fia de sosjale media fan De Freulepartij, de
kanalen fan Omrop Fryslân, KNKB media, radio Eenhoorn en Podium TV. En ferslagen
komme nei de tiid fansels yn de kranten te stean.

Wy hoopje op in moaie striid!