Sponsor uitgelicht: Posthumus Draaierij en TMB de Jong

Posthumus Draaierij BV Burchwert

Sietze Posthumus is opgroeid yn Wommels. Syn heit hold wol fan keatsen, mar Sietze syn hert lei mear by motoaren. Hy hat 15 jier by in masinefabryk yn Boalsert wurke en is yn 1984 foar himsels begûn. Ien draaibank en alle jierren in mantsje derby en sa is it bedriuw útgroeid nei in 30 meiwurkers. Johan Cats, Sietze en soan Teake foarmje de direksje fan it bedriuw en dochter Froukje sit op kantoar. De bern binne wol keatsers wurden.

By Posthumus Draaierij wurde ûnder oare ûnderdielen draaid en freze foar de offshore, skipfeart-, hûne- en katte-, tsiis- en rustfrijstiel yndustry. Sa troch de jierren hinne is it bedriuw aardich útwreide. Sneons wurdt it fabryk troch Sietze en in ploechje jonges skjinmakke. Jeltsje makket in panne mei iten klear en dan wurdt der mei de hiele ploech waarm iten. Ut sa’n ploechje binne al ferskillende nije wurknimmers by it bedriuw kaam. Posthumus is eartiids begûn mei it stypjen fan de Ale de Jongpartij yn Wommels. Letter is hy stiper wurden fan de Freule.

 

 

 
 

Technisch Metaalbedrijf de Jong BV Wommels

Yn 1968 is Albert de Jong, de heit fan Jelle, in bedriuw begûn mei CNC draai- en freeswurk. Alle bern holpen sneons by it oprêden fan it fabryk. Mei dêrtroch hat Jelle de Jong nea keatst. Mar hy is wol in leafhawwer fan it spultsje. Yn 2000 hat Jelle it bedriuw oernaam en is stiper fan de Freule wurden.

De 20 meiwurkers fan dit bedriuw meitsje heechweardich draai- en freeswurk foar in protte sektoaren yn de yndustry. Under oare foar de suvel- en fiedings-, fleantúch-, papier-, automotiv-yndustry. Hja leverje spesjalistysk wurk foar harren klanten. It masinepark wurk geregeld fernijd. Alle wurknimmers hawwe harren eigen masine. Derneist bewurkje sy ek drege materialen sa as: duplex, inconel of hastaloy. Hja binne spesjalisearre yn it bewurkjen fan eksoatysk materiaal foar de oalje en gas yndustry.

Derneist sit Jelle yn de kommisje ‘Lêze foar de Freule’. Hja fersoargje alle jierren, de jûn foar de Freule, in noflik oerke mei in sprekker fan namme!