Stichting De Freule hat ferskillende sponsors dy’t de Freule fan Wommels alle jierren mooglik meitsje. Ien derfan is it bedriuw Frythermo fan Frjentsjer. De oprjochter en eigener fan dit bedriuw is de âld Wommelser Erik Seerden. Hy fynt noch altyd de jongespartijen fierwei de moaiste keatspartijen, dêrom wie it net sa dreech om him as sponsor foar de Freule binnen te heljen.

Yn 1970 kaam Erik as twa jierrich jonkje mei syn âlden en suske te wenjen yn Wommels. Heit waret kastlein fan It Reade Hynder. Erik hat hjir in prachtige jeugd hân. Hie in protte maten en wie geregeld oan it keatsen. Hjir is syn leafde foar it keatsen siedde. Alle jierren belibbe hy de Freule as in feest, op it keatslân, mar ek yn it kafee. Moarns kamen alle keatsers, begelieders en besikers by harren. De hiele dei wiene heit en mem drok mei alle klanten. Hy hat sels net keatst op de Freule, want de famylje Seerden emigrearre yn 1982 nei Nij Seelân. Yn 1988 kaam Erik wer werom nei Fryslân en wurke doe as ober op Freuledei yn it Dielshûs, by Anne en Ina Brouwer. Op de keatsfjilden wie hy letter as skiedsrjochter te finen. Yn 2005 preaun Erik, as coach fan it winnende partoer fan Holwert mei: Gert Anne v.d. Bos, R. Soepboer en M. v.d. Velde, it winnen fan de Freule. Hja wûnen de finale fan Wommels. Erik sels hat nea foar de Freule keatst, soan Djurre trije kear, mar dy hat gjin priis wûn.

Frythermo

Yn 2003 wie de flierferwaarming yn syn hûs him net nei it sin. Neffens Erik koe it gebrûk suniger, hy hat him der fierder yn ferdjippe en starte it bedriuw Frythermo, foar it oanlizzen fan flierferwaarming. Binne in heal jier hie hy al fjouwer man yn it wurk. Flierferwaarming jout in tal fan foardielen: konstante temperatuer, minimale tocht, deselde fliertemparatuer, drûge flierren yn sanitêre romten en minder stofsirkulaasje. Frythermo hat fiif ferskillende techniken om de ferwaarming oan te lizzen. De ferwaarming lizze hja net allinnich yn wenhuzen oan, mar ek yn boaten en bedriuwshallen.

Troch de jierren is it bedriuw útwreide mei it oanlizzen fan spuitisolaasje yn skippen, tanks en ûnder flierren fan huzen. Foar de flierferwaarming kinne jo it materiaal bestelle en sels oanlizze of de ynstallaasje oan harren oerlitte.

Sûnt 2018 binne hja dealer fan waarmtepompen yn Noard-Nederlân. Mei dizze thermodynamyske pomp is it mooglik te ferwaarmjen sûnder gasoansluting en neffens Erik wurket it systeem altyd. Dizze waarmtepomp hat as grut foardiel dat de bûten unit gjin lûd makket, dus gjin lûdsoerlêst feroarsaket. Hja jouwe technyske ûndersteuning oan ynstallateurs.
Der binne goed 25 man/frou by Frythermo oan it wurk. Sa entûsjast as Erik oer it keatsen prate kin docht hy ek oer syn wurk. Sjoch foar fierder ynformaasje op www.frythermo.nl

Erik is jierren sponsor west fan ferskate keatspartijen, wêrûnder de Jong Feinte Partij yn Easterein. Sûnt 2019 is Frythermo dat ek fan de Freule. Erik: “Ik fyn de Freule machtich, ik haw wat mei Wommels, ik fyn it gewoan leuk. Ik bin alle jierren op de Freule, jimme kinne my dan moarnsbetiid al op it fjild fine.” Erik is al twa kear skiedsrjochter west op de Freule.